Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
?t Opgeande sintsje laket my oan.
?t Hoantsje kraait kûkelû, ?t douke ropt rûkûkû,
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.
Alles wat libbet docht der nou sines bij,
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
Guoskes dy?t snetterje, skiepkes dy?t bletterje,
Lamkes dy?t springe, nuvere blij.
?t Ljurkje yn?e wolken, d?eintsjes yn?t lizich wiet,
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
Skries op?e hikke ropt grito-griet.
?k Woe foar gjin gûne dat?k jit te sliepen lei,
?t Is my sa noflik ier op?e dei.
Alles is fleurich, ik bin it mei!